Heger
Jan Hoekstra
Refrein:
Ik wol heger folle heger. Folle heger as ik no kin.
Ik wol dy top berikke en as ik dêr uteinlik bin.
Lit ik my falle… Ik flean nei ûnderen mei folle gong.
En dan hoopje ik op in wûnder. Sa bin ik sa wêrom.
Ik wrot hjir troch de ierde
Myn hânnen dy sjoche swart
Ik bûch foaroer ik skep mar troch
Noch djipper moat dit gat
It doel is heger komme
Mar ik moat earst nei ûnderen ta
Fanút de delte sjoch je better
(Ja) Dêr boppe moat it sa
Refr.
Ik bin no al dagen dwaande
Dagen yn 't gewear
De blieren yn de hânnen
En myn rech dy docht wat sear
Mar it fielt as bin ik heger
Folle heger as ‘t ferline
Nimmen sil begrype
As ik straks boppe se ferskyn
Refr.
Nea mear bang foar deltes
Of te fallen yn in djip gat
Dyn basis moat goed wêze
noch folle heger kin dy lat